Cambuurferdigener Léon Bergsma wol faker mei de fûst op tafel slaan

© Orange Pictues / Omrop Fryslân
Léon Bergsma fan SC Cambuur begrypt dat fans freegje om moai fuotbal, mar neffens him leit de prioriteit earne oars. "Ik denk dat het nu vooral om de punten gaat. Natuurlijk willen we goed voetballen, maar het gaat om resultaat."
Dat dy resultaten komme, docht wol bliken út de wize wêrop't Bergsma yngiet op in justjes provosearjende weddenskip dy't sportferslachjouwer Arjen de Boer mei him oangiet. De Boer set pontifikaal trije flessen wyn op tafel.
Besjoch hjir de Sportcast fan dizze wike:
Bergsma set lykwols fuortendaalks heech yn: alle trije flessen op it behâld fan it earedivyzjeskip fan Cambuur. De fan Ajax ôfkomstige ferdigener fynt fan himsels dat hy yn de klaaikeamer wolris in kear mei de fûst op tafel slaan mei.

Hurder yn it fjild wêze

Op it fjild mei de wierheid ek wol sein wurde, fynt er. "Ik vind dat ik dat aspect nog beter moet ontwikkelen. Daar moet ik aan werken. We zijn nog wel eens te lief voor elkaar. Ook in het veld mag het wel harder."
Léon Bergsma fan SC Cambuur © Orange Pictures
Yn de SportCast wurdt ek praat oer sc Hearrenfean. De Feansters wienen sneon oer it hiele fjild in maatsje te lyts foar AZ, seit Arjen de Boer. Boppedat fynt De Boer dat Amin Sarr him no dochs echt ûntwikkelje moat ta it talint dat hy liket te wêzen. De Boer: "Ik fyn dat hy in bytsje stilstiet."
Mar as trainer Kees van Wonderen Amin Sarr as spits opstelt en Sydney van Hooijdonk op de bank bedarret, dan sil Van Hooijdonk fuort wolle, sa tinkt De Boer.

Van Hooijdonk rûn leech

Van Hooijdonk waard sneon troch in part fan it publyk útfluite en rûn dêrnei hielendal leech foar de kamera fan de NOS. Trainer Kees van Wonderen hie dêr hielendal neat mei. "Welkom in de wereld van het betaalde voetbal", sa sei hy.
Ek ferslachjouwer Geert van Tuinen fûn de útlittingen fan Van Hooijdonk mar hielendal neat: "In bytsje huilie huilie, of net dan."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.