Burgumse Leonie Bentveld wint NK fjildriden by beloften

Leonie Bentveld komt as earste oer de streek © Orange Pictures
Leonie Bentveld is Nederlânsk kampioen fjildriden by de beloften wurden. De 18-jierrige Burgumse wie oppermachtich yn Zaltbommel.
Bentveld kaam oer de streek mei hast fjouwer minuten foarsprong op de nûmer twa, Iris Offerein. Larissa Hartog waard tredde.
It parkoers waard op it lêste momint noch oanpast fanwegen it opkommende wetter fan de Waal troch de enoarme reinbuien fan de lêste dagen. De brêge is út de rûte helle en der is in bocht wat ferlein. Ek de balken, gewoanwei in keunstmjittige hindernis foar de riders, binne op it lêste momint fuorthelle.
Ferline jier pakte Bentveld yn Hoogeveen by it NK al de titel by de junioaren.