Kommersjele húsdokter De Westereen seit ta dat der gjin konsulten op ôfstân komme

It sûnenssintrum op De Westereen © RTV NOF
De húsdokterpraktiken fan dokter Berghuis en dokter Al Suhairy op De Westereen binne oernaam troch in kommersjele partij. It giet om de GoedGezondGroep út Mijdrecht, dat bedriuw hat praktiken troch hiel Nederlân hinne.
Sokke kommersjele húsdokters binne de ôfrûne tiid yn opspraak rekke om't se min berikber wêze soenen en se de soarch ûnpersoanlik meitsje soenen. Guon kommersjele praktiken wurkje mei konsulten op ôfstân, út in oar plak yn it lân of sels it bûtenlân wei.
Op De Westereen sil dat lykwols net it gefal wêze, fersekeret Jaco Beeker fan de GoedGezondGroep. "Ik heb dat wel eens geprobeerd, maar ik vind dat helemaal niks. Ik moet iemand kunnen zien. Er moet interactie zijn."
It bedriuw behannelet sa'n 32.000 pasjinten yn hiel Nederlân. It fêste personiel fan de oernommen praktiken kin yn De Westereen wurkjen bliuwe.