IM easket selstraf tsjin Burgumer (57) nei omtinken tv-programma Alberto Stegeman

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Iepenbier Ministearje hat woansdei in selstraf fan seis moannen, wêrfan trije ûnder betingst, easke tsjin in 57-jierrige Burgumer dy't fertocht wurdt fan oplichting.
De Burgumer soe fan ferskate persoanen - mei wa't er in freonskiplike relaasje hie - grutte jildbedraggen liend hawwe, dy't er net werombetelle hat. Ien fan de slachtoffers krige yn in sivile saak in bedrach fan 40.000 euro tawiisd.
Fierder melden in befreone stel en de styfsoan fan de Burgumer harren by de plysje. Sy soenen de man elk 7.000 euro liend hawwe.

Alberto Stegeman

De man ûntkent de beskuldigingen. Hy soe altyd fan plan west hawwe om it jild werom te beteljen. De fertochte wie sels net by de sitting. Neffens syn advokaat wie dat om't der in kameraploech fan it SBS6-programma 'Stegeman op de bres' yn de rjochtseal oanwêzich wie.
Telefyzjemakker Alberto Stegeman hat yn syn programma earder omtinken bestege oan de Burgumer.

Frou frijsprutsen

De rjochtbank docht op 24 jannewaris útspraak yn de saak fan de Burgumer. Yn de saak tsjin de eks-partner fan de man die de rjochter tiisdei wol direkt útspraak. Se wurdt frijsprutsen fan belutsenheid by de oplichting.