Sjouke Nauta krijt eare-award op Popgala Noord, ferskate Fryske acts nominearre

Sjouke Nauta © Omrop Fryslân
Sjouke Nauta krijt in eare-award op Popgala Noord en ferskate Fryske acts binne nominearre foar datselde gala.
Sjouke Nauta, ien fan de oprjochters fan Friesland Pop, krijt in 'lifetime achievement award' foar syn wurk foar de Fryske popkultuer en talintûntwikkeling. Dat die er 30 jier lang.
Earder krige Nauta al de Friese Popprijs 2021 as wurdearring foar syn jierrenlange ynset foar de Fryske muzykwrâld.
Ek Patrick Kramer krijt in award foar bêste technyske leveransier.

Nominaasjes

Neist dizze earepriis binne ferskate Fryske acts nominearre. Yn de kategory 'Beste Artiest' is dat de Ljouwerter muzikant Joost en Feanster sjongeres Katie Koss en de Ljouwerter GINGE.
Yn de kategory 'Beste Talent' is de Fryske band Johnny loves me nominearre. Explore the North makket kâns op de priis foar 'Beste Festival'.
Mei elkoar wurde awards yn sân kategoryen útrikt. De winners wurde 17 jannewaris bekend makke op Popgala Noord, dat in ûnderdiel is fan ESNS (Eurosonic/Noorderslag).