Man beknypt yn syn brommobyl

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige man út Warns is moandei yn It Heidenskip slim ferwûne rekke by in oanriding op de Heidenskipsterdyk. Hy ried mei syn brommobyl tsjin de foarlader fan in trekker, doe't er dwaande wie in groep fytsers yn te heljen.
De man rekke by de botsing beknypt yn syn brommobyl. De brânwacht hat him der úthelle. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.