Harddrugs fûn yn Koatstertille
In 28-jierrige ynwenner fan Koatstertille is moandei oanholden foar drugshannel. De plysje wie in ûndersyk tsjin de man begongen omdat se it fermoeden hiene dat er speed en xtc-pillen ferkocht.
By syn oanhâlding fûn de plysje yn syn klean en letter ek yn syn wenning harddrugs. Dy binne yn beslach naam. De fertochte is fêstsetten op it buro.