Nije Thialf moat grien

© Martin de Jong
It nije Thialf moat hielendal enerzjyneutraal wurde. Dat wol Grien Links yn de Twadde Keamer. Dy partij hat dêr moandei in moasje oer yntsjinne. Dêr stiet yn dat it ryk allinne jild jaan moat foar in nij iisstadion op It Hearrenfean as dat folslein enerzjyneutraal wurdt.
Op it dak fan de nije hal soene bygelyks in hiel soad sinnepanielen lizze kinne, dêr't in fermogen oan enerzjy mei opwekt wurde kin. Minister Schippers fan sport hat hieltyd sein dat it noch lang net wis is oft it ryk wol genôch jild bydrage wol oan de nijbou fan Thialf op It Hearrenfean.