Sjinkie Knegt net yn Nederlânske seleksje foar EK shorttrack yn Poalen

Sjinkie Knegt © Orange Pictures
Sjinkie Knegt is net opnaam yn de Nederlânske seleksje foar de Europeeske kampioenskippen shorttrack yn it Poalske Gdansk.
De seleksjekommisje fan de KNSB hat him gjin oanwiisplak jûn, nei't er der ôfrûne wykein net yn slagge om op eigen krêft in startbewiis te fertsjinjen by it NK yn Ljouwert. Itzhak de Laat fan Ljouwert sit wol by de seleksje.
By de froulju is Suzanne Schulting de iennige Friezinne. It EK wurdt holden fan 13 oant en mei 15 jannewaris.