Fjouwer jier nei MSC Zoe-ramp: neist bergje ek minsken bewust meitsje fan keapgedrach

Opfiske ôffal fan MSC Zoe © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op de dei ôf fjouwer jier nei de kontenerramp mei de MSC Zoe is Ellen Kuipers fan de Waadferiening foarsichtich optimistysk oer de takomst fan de kontenerfeart. "Ik heb niet de illusie dat we het ooit stoppen, maar het wordt wel veiliger."
Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it grutte kontenerskip MSC Zoe 342 konteners boppe de Waadeilannen. Yn de dagen dêrnei spielden tonnen ôffal oan op de strannen fan de Waadeilannen. Mar in soad ôffal kaam net boppe wetter: dat ferdwûn yn de ûnderwetternatuer.
"Ik zie het nog steeds als een verschrikkelijke ramp", seit Kuipers, projektlieder rampebestriding en skipfeilichheid by de Waadferiening. Se is ek projektlieder fan CleanUpXL: in projekt wêrby't it doel is om safolle mooglik ôffal út 'e see te fiskjen.
Lêsten is by ferskate dûkaksjes wer 100.000 kilo ôffal út de Noardsee helle. Hoefolle oft dêr noch fan MSC Zoe komt, is dreech oan te jaan. Bergers helje grut guod út de see. "Er zijn nog wel delen van containers gevonden." Dûkers sykje benammen by wrakken. "Daar blijft veel klein spul achter hangen en daar vinden we echt heel veel spullen die aantoonbaar van de MSC Zoe komen, zoals elektriciteitsdraden, fleecedekens, koplampen, pannen en badjassen. De gekste dingen."
Het is gewoon een vuilnishoop in zee door de jarenlange scheepvaart.
Ellen Kuipers fan de Waadferiening
It grutste probleem is hoefolle ôffal oft fûn wurdt. "De MSC Zoe was één scheepsramp. Toen is 3.000 vierkante kilometer in beeld gebracht en daarbij zijn 6.000 objecten op de zeebodem gevonden." In diel is opromme. "De rest is van menselijke afkomst, van autobanden tot trailers van vrachtwagens. Het is gewoon een vuilnishoop in zee door de jarenlange scheepvaart."
It bergjen hat ek in oar doel. "Het is ook bedoeld om de ramp met de MSC Zoe levend te houden in de hoofden van mensen. We willen niet met de vinger te wijzen, niemand heeft deze ramp. Het minste wat we kunnen doen is leren van de ramp." Se fernimt ek dat dat ynternasjonaal effekt hat. Der binne sensoaren op skippen oanbrocht dy't by gefaarlik waar derfoar soargje dat it skip sa fart dat de konteners net oerboard falle. Neist de reders binne ek der fersekerders dermei dwaande.
It giet elkenien oan. "Wij bestellen allemaal dingen uit het buitenland die hier met containers naartoe moeten komen. We gaan door om mensen bewust te maken van hun eigen bijdrage en hopen op een gedragsverandering. We gaan in ieder geval door om de zee steeds schoner maken."
Ellen Kuipers fan de Waadferiening