Performer Zahira Mous sjocht harsels as keunstner fan de eksistinsjele filosofy

Zahira Mous © Omrop Fryslân
De yn Sondel opgroeide Zahira Mous wennet yn Amsterdam en is geregeld yn har twa oare thúslannen, Amearika en Brazilië, te finen. As performer makket se dûnsfoarstellingen. Ek wurket se as goreograaf, dosint, produsint, skriuwer en resinsint. Se fertelt deroer yn Noardewyn.
"Ik hâld fan ôfwikseling", laket de 38-jierrige. "Ik sit al tweintich jier yn it fak en bin eigen baas." Se pakt alles oan, mar kaam harsels earder wol tsjin. "Nei trije burn-outs moast ik leare om mear balâns te finen en dat is slagge."
Se neamt harsels in 'Renaissance Woman'. "Ik doch ferskillende dingen, dy't ik allegear moai fyn om te dwaan. Ik pak stikjes fan alle fasetten fan de performancewrâld mei. Dat fielt goed."

Teatrale ekspresje

"Yn myn performance sit dûns, mar it is breder as dat. Der sit ek ek teatrale ekspresje yn en ik hâld fan ynteraksje en kontakt mei it publyk. Ik doch net inkeld optredens yn in teäter, mar ek op lokaasje en dat giet mear de keunstkant op. Datst eins in ynstallaasje kreëarrest troch dyn lichem, troch beweging bist eins in libben keunstwurk."
Acht jier lyn feroare Mous har foarnamme yn Zahira. "Ik woe in nij begjin oangean. It is in soefi namme, it soefisme giet oer it fersprieden fan leafde, en Zahira betsjut 'manifesterend en licht'. It is in namme dêr't ik my yn thús fiel."
Yn Sondel hie se as bern net it gefoel dat se derby hearde. "Ik die oan ballet en dat wie frjemd. Gymnastykje en turnje koe wol, mar ballet net."
Mei in Grinzer mem en in Fryske heit waard thús Nederlânsk praat, dat holp net mei en dan wennen se ek nochris in skoft yn in caravan. Sadree't it koe, woe se fuort. Op har njoggentjinde gie se nei Amearika om te dûnsjen en om harsels te ûntdekken.
Myn libben is in dûns tusken ferskillende plakken, kultueren, talen en keunstfoarmen.
Zahira Mous
Se neamt harsels in keunstner fan de eksistinsjele filosofy. "It giet altyd oer identiteit: wa binne wy, wa bin ik? Yn watfoar kontekst pleats ik mysels, yn watfoar kultuer en watfoar taal? Myn libben is in dûns tusken ferskillende plakken, kultueren, talen en keunstfoarmen. Wie it earder mear in flecht om nei it bûtenlân te gean, no sjoch ik dat as in aventoer. It past by my."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
De leafde foar Brazilië begûn op har santjinde. Mei har famylje reizge se nei pater Eelke Piet Mous dy't dêr wurke. "We ha deselde achternamme, mar hy is gjin famylje, al fielt er as in omke. Ik hearde dy taal, dat Portugeesk fûn ik sa'n moai en muzikaal en de minsken binne hiel waarm en hertlik. Ik wie fuort fereale op it lân. Pater Mous hie in kampanje 'sis nee tsjin drugs en ja tsjin it libben' en hy sette him bot yn foar earme minsken. Dat makke yndruk op my."
Doe't se in pear jier letter yn it fjirde jier fan de teäteroplieding in projekt dwaan moast, gie se werom nei pater Eelke Piet.

Wrâldnijs

Yn 2018 waard Mous wrâldnijs doe't se it seksueel misbrûk fan in ferneamde Braziliaan nei bûten brocht. Se wie yn kontakt kaam mei 'João de Deus', ek wûnderdokter, John of God en Miracle Man neamd.
De gebedsgenêzer hie in spiritueel sintrum en stie der bekend om dat er minsken helpe koe. Se socht help om't se earder misbrûkt wie. Doe't se har ferhaal nei bûten brocht, folgen 700 froulju mei soartgelike ferhalen. "Ik ha der twa jier lang mei dwaande west, wie 24 oeren deis beskikber om nei de slachtoffers te harkjen."
It juridysk proses is noch altyd geande. "Myn saak en dy fan in oare frou is ien fan de dreechste, dêrom is der noch gjin útspraak. Yn tal fan oare saken is er al feroardiele, hy sit op in selstraf fan 223 jier. Mar hy hat húsarrest en sit dus gewoan thús, frij. Boppedat is in nije wet oannaam dy't seit dat ien maksimaal 40 jier sitte mei. De man is ûnderwilens 80 jier en lêsten is er troud mei in frou fan 40 jier. In advokate nota bene."

Traumaferwurking

Se kin der no mei ôfstân nei sjen, "mar it bliuwt in ûnderdiel fan my en dat sil it altyd wêze." Se makke der in dokumintêre oer en skreau in boek dat takom jier yn Brazilië ferskynt en mooglik dêrnei yn Nederlân.
"It giet oer myn libben, it oangean fan traumaferwurking troch dûns, spiritualiteit en myn sterke bân mei myn famylje. Mei myn ferhaal oer moed en fearkrêft wol ik in stim jaan oan hoop. As myn libben dêr symboal foar stean kin en ik wat betsjutte kin foar oare minsken, doch ik dat."
Yn 2020 fertelde Zahira Mous hoe't se har seksueel misbrûk ferwurke mei dûnsjen:
Traumaferwurking komt yn har foarstellingen werom, lykas yn 'Reclaiming the Goddess'. In oar tema dat weromkomt, is identiteit. Har nijste foarstelling 'Soul Famine' ûntstie yn coronatiid.
"Ik siet yn myn appartemint, yn in isolemint. Ik mocht neat mei myn keunst dwaan. Dat wie net sûn." Doe koe se as artist in residence nei Súd-Spanje om oan wat nijs te wurkjen. "Dat gie oer wat depresje is, foar my is it in gebrek oan libbenens, oan wat kreëarje."
Ik wol sichtber meitsje wat ûnsichtber is.
Zahira Mous oer mentale sûnens
Sa is de tragikomyske absurdistyske foarstelling oer depresje der kaam, dy't yn septimber yn premjêre gie. Oan de ein fan de foarstelling kin it publyk mei har yn petear oer de tematyk.
"Ik wol sichtber meitsje wat ûnsichtber is. In brutsen foet is sichtber, der sit gips om, mar as der mentaal wat 'brutsen' is, is dat net te sjen." Om't se der sels mei wraksele, is se in podcast begûn om mei oare keunstners oer mentale sûnens te praten.

Undersyk Fryske kultuer

Meikoarten reizget Mous wer nei Amearika. Earder wenne se fiif jier yn Oklahoma en boude in profesjoneel netwurk op. Se sil freonen opsykje, foarstellingen jaan en as gastdosint workshops fersoargje op de universiteit. En neitinke oer in projekt op de lange termyn: in ûndersyk nei de Fryske kultuer en har eigen achtergrûn.

De list fan Zahira Mous

Artyst Nûmer
Ludmilla Cheguei
Inez Menak wla meni
Shervin Hajipour Baraye
Twisted harmonies Can't get you off my mind