Roorda makket rentree

28 nov 2011 - 21:23

Hearrenfeanspiler Geert Arend Roorda hat moandeitejûn yn in wedstriid mei de beloften syn rentree makke. Hy spile allinnich de earste helte mei en hie nei ôfrin gjin lêst fan syn knibbel of tean.

Roorda bruts begjin augustus syn lytse tean en moast dêr sels oan opereard wurde. Roorda seit sels fysyk klear te wêzen en ferwachtet folgjende wike de folsleine wedstriid mei de beloften mei te spyljen.

Jong Hearrenfean ferlear de wedstriid tsjin Jong PSV mei 2-1. By rêst wie it 2-0 foar de ploech fan trainer Marco Roelofsen. Nei rêst skoarde Faysal Shayesteh noch wol 2-1, mar fierder kaam Hearrenfean net. De ploech fan Jan de Jonge einige de wedstriid mei njoggen man. Milan Kopic krige yn de einfaze twa kear giel en dus read. Ynfaller Quenten Martinus makke nei trije wiken syn rentree nei in knibbelblessuere, mar foel efkes letter út mei in hamstringblessuere. De Jonge hie doe al trije kear wiksele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)