Resinsje De Fee van Folgeren: Famyljefoarstelling mei in boadskip

Henk te Biesebeek beskôget De Fee van Folgeren © Omrop Fryslân
"De tradisjonele krystmusical fan De Lawei, De Fee van Folgeren, is wer in hearlike famyljefoarstelling wurden, mei sang en toaniel fan heech nivo. En mei in boadskip oan 'e ein: der is hoop! Dat is krekt yn dizze tiid fansels tige wolkom: hoop op in bettere takomst, as we mar wolle!
De sechstjinde (!) krystmusical fan De Lawei is tagelyk ek de swannesang fan direkteur Stef Avezaat. Hy kaam dat, neffens de tradysje fan Laweileginde Roel Oostra, sels eefkes oan it publyk fertelle.
Hoe't hy as 'nijbakken' direkteur yn de kasten op syn buro de skripts fan de nijjiersrevu 'Dag Ouwe, Dag Jonge' oantroffen hie, it inisjatyf fan syn foargonger Oostra, dat mear as 30 jier folle sealen lutsen hie. Hy fertelde oer hoe't hy dy tradysje fuortsette woe, mar dan mei in krystmusical foar de hiele famylje. Mei sukses.

Ofskiedskado

De Fee van Folgeren is in bytsje in ôfskiedskado foar Avezaat wurden. Hy nimt ynkoarten ôfskied as direkteur fan De Lawei. Yn de foarstelling hat postboade Stef bygelyks syn foarnamme krigen, de baronesse yn it stik syn achternamme.
Regisseur Wilma Hoornstra en skriptskriuwer Paul Passchier, tegearre it produksjeteam, ha mei dizze foarstelling wol wat oandoard. De Fee van Folgeren, har sechsde produksje alwer, is basearre op in boek út 1964 fan de Britske skriuwster Christianna Brand.
Mar by de measten fan ús is it stik lykwols folle better bekend troch de suksesfolle film 'Nanny McPhee' út 2005 mei yn de haadrol Emma Thompson as de gûvernante. En nimmen minder as Colin Firth as de heit.
De Bende fan Vreewijk sparret sels it eigen personiel net © Lucas Kemper
Hoornstra en Passchier setten dat ferhaal oer nei de wyk Folgeren yn Drachten. Dêr wennet de famylje De Vries van Vreewijk. De heit hat sûnt de dea fan syn frou de drege opjefte om syn seis bern allinnich grut te bringen.
Dat slagget him mar min. De bern lústerje net, dogge wat se sels wolle en helje allegear kattekwea út. Alle bernejuffers dy't heit it hûs binnenhellet, wurde troch harren like gau wer fuortnarre. En it tsjinstfamke Christianna is fierstente leaf om de bern yn de stringen hâlde te kinnen.
As de heit dan ek noch troch in muoike fan syn ferstoarne frou twongen wurdt om op 'e nij te trouwen om't er oars syn hûs en finansjele taslach ferlieze sil, is de ramp kompleet. Om alles op 'e rit krije te kinnen, hat er sa gau mooglik in bernefaam nedich.

Mary Poppins

En dan docht Matilda Tevree har entree, in magyske miks tusken in gûvernante en in toverhekse. Yn dizze foarstelling mear in bernefaam lykas Mary Poppins as de toverfee yn Nanny McPhee. Kundich en betûft spile troch Timna Hacquebord, dy't ek noch as in klyster sjonge kin.
Grzegorz T. Lewandowski en Selina Koen as de heit en syn tsjinstfaam © Lucas Kemper
Ek wat de oare prestaasjes op it poadium oanbelanget, kin de taskôger gerêst wêze. Der wurdt troch de achttjin spilers in boeiende, humoristyske, mar boppe-al hiel deeglike foarstelling foar it fuotljocht brocht. No en dan docht it sels in bytsje âldfrinzich oan, hoe kreas alle spilers harren ferskate rollen binnen de lyntsjes ynkleurje.
Al fertsjinnet it alle respekt hoe't se dat dogge, benammen hoe't se de lieten en dûnspartijen foar harren rekken nimme. Der wurdt troch it ensemble lûpsuver songen. In peareltsje wat dat oanbelanget, is bygelyks it liet fan de ferpleechsters as de bern twongen wurde om 'levertraan' te drinken. As ik dat yn myn bernetiid ek op sokke swingende bigband-muzyk nimme mocht hie, dan hie dat grif better gien.

Audysje

Hawar, je meie fansels wat fan dizze spilers ferwachtsje, ek al binne it amateurs. De audysjes foar de musical wiene ommers al yn april dit jier. Fan alle kandidaten hellen úteinlik mar achttjin de einstreek, fertelde Passchier earder by Omrop Fryslân.
Dat kinne dan ek net de minsten wêze en dat talint krijt dan ek nochris ekstra glâns troch de moaie kostúms, subtile grime en de sobere mar funksjonele dekôrs. Hulde.
De Fee fan Folgeren © Lucas Kemper
En dochs... Grzegorz T. Lewandowski twingt as heit Yde de Vries van Vreewijk wis bewûndering ôf. Mar yn syn aktearjen mist er sa no en dan krekt wat empaty om oertsjûgjend oer te kommen. Syn beheinde emoasjes dogge de taskôgers dan wol eefkes mei weemoed weromtinke oan de film mei de akteur Colin Firth as heit.

Karakter

Dy gedachte wurdt lokkich daliks wer nei de eftergrûn ferkrongen as Roland Posthuma as de barones syn yntree makket. Ek in amateur, yn it deistich libben amtner, mar sa hearlik hoe't hy fol oertsjûging syn rol as frou op de planken set.
Terjochte krige hy in iepen doekje fan it publyk foar dizze prestaasje. Dat jildt ek foar Sarah Tol as Selma Snel. Ek sy wit fan de frou, dy't út suver eigenbelang trouwe wol mei de heit fan dy freeslike bern, in hiel eigen karakter te meitsjen. En dan dat aksint fan har, streekrjocht fan de Fryske klaai: hearlik.
De bern De Vries van Vreewijk op syk nei kattekwea © Lucas Kemper
En dan wol ik dochs eefkes de spot rjochtsje op Lilia Bagramyan, dy't yn it stik in dragende, mar lytsere rol hat. Mar hoe't sy de do, dy't de leafdesbrief fan de tsjinstfaam nei de heit oerbringe sil, oer it poadium fleane lit, is fan absolute skjintme. Om stil fan te wurden.

Hoop

Sa't ik earder sei: De Fee van Folgeren is in hearlike famyljefoarstelling wurden. Deeglik opboud en moai spile. Miskien in bytsje te lang. In pear lieten wiene neffens my net echt needsaaklik foar de fuortgong fan it ferhaal.
Mar dan de apoteoaze: it boadskip oan de ein. Krekt hjoed-de-dei ha we der ferlet fan. Tink derom minsken, der is altyd hoop. En litte we dêr dan asjeblyft ek in bytsje yn leauwe. Mei elkoar!
Sa't ik sei: in famyljefoarstelling mei in boadskip! Noch oant 30 desimber te besjen. Om foar ien kear dan mei in kwoot fan âld-Laweidirekteur Roel Oostra te einigjen: "Net stinne, mar hinne!""