Hoe bist in goede foarâlder?

Roman Krznaric yn Ecokathedraal Mildaam © Jan Bensliman
'No en Dan' is in trijedielige FryslânDOK-searje fan Bart Kingma oer de takomst. Mei de kultuermanifestaasje Arcadia waard yn de simmer fan 2022 de fraach steld: hokker wrâld wolle wy neilitte oan ús bernsbern?
Yn FryslânDOK in ynterview mei de Australyske filosoof Roman Krznaric. Hy docht yn syn boek 'The good ancestor' ien kearneftige oprop: soargje derfoar datst yn alle besluten en yn alle hannelings in goede foarâlder bist. Krznaric wie ek in ynspiraasjeboarne foar Arcadia.
'No en Dan' diel 1 (werhelling fan 17 septimber 2022)
Sneon 24 desimber NPO2 15.30 oere (gjin werhelling op 1e Krystdei)
Snein 25 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere
It Ministearje fan de Takomst is in lanlike beweging, oprjochte troch Klaas Sietse Spoelstra. Hy wol alle minsken mobilisearje om mei te tinken en te praten oer de grutte fraachstikken fan de kommende desennia.
Klaas Sietse Spoelstra © Jan Bensliman
Bruno Doedens, betinker fan it kuierjende 'Bosk' troch Ljouwert, wol net allinnich de beammen, mar foaral de minsken yn beweging bringe. Ynstituten as de gemeenteried en de rjochtbank wurde oanmoedige de natoer in stim te jaan by beslútfoarming.
© Omrop Fryslân
Bart Kingma praat ek mei skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer, no 95 jier. Sy wynt har op oer de lamlindige minsk, dy't leaver oeren yn de rige stiet op Skiphol as dat er him ynset foar syn eigen omjouwing.
Se freget har ôf hoe't minsken har liede litte kinne troch 'it grutte misferstân' dat se net ien gehiel mei de ierde hoege te wêzen. In flamjend gedicht fan Aggie van der Meer wurdt yn 'No en dan' foardroegen troch akteur Thijs Feenstra.
Bart Kingma en Aggie van der Meer © OF