Bylden fan dieven grutte foto

De dieven fan de grutte foto op It Hearrenfean binne op kamerabylden fêstlein. De eigner fan parseburo Noordoost hat de bylden krigen fan in kollega. De priiswinnende foto fan 2 by 1,5 meter hong oan de bûtenmuorre fan it bedriuw en waard sneontenacht stellen.
Op de bylden binne tsjin fjouwer oere moarns trije jongeren te sjen dy't op de fyts út it sintrum wei komme. Twa fan harren stopje en helje de foto út de list. De eigner fan it parseburo jout de jongeren noch ien kâns harren te melden, oars set er de bylden op ynternet.