Tekoart ynrjochting N381

De provinsje komt noch 10 miljoen euro tekoart foar it ynrjochtingsplan fan de N381. It gebiet om de dyk tusken Drachten en Drinte wurdt opnij ynrjochte wannear't de dyk omboud wurdt.
Dy ynrjochting kostet 30 miljoen euro. Troch de ryksbesunigings komt de provinsje noch 10 miljoen tekoart. Deputearre Kramer freget de steaten om it gat mei Nuonjild te tichtsjen. Dat is moandei sein by de presintaasje fan it ynrjochtingsplan. Underdiel fan dat plan is dat de entree fan Donkerbroek moaier wurdt en dat der kuierpaden oanlein wurde.