Jild foar shuttlebuskes Snits

28 nov 2011 - 19:51

It projekt om toeristen yn Snits tenei mei in shuttlebus op stroom troch it sintrum te riden, krijt in subsydzje fan hast 60.000 euro fan Plattelânsprojekten Súdwest-Fryslân. It hiele projekt kostet 145.000 euro.   

It projekt is in inisjatyf fan de stifting Duorsum Ferfier. Troch frijwilligers yn te setten kin de stifting de toeristen fergees ferfiere. It giet om trije iepen buskes dy't mei sinnepanielen ride. Under de Snitswike is mei de buskes proefriden.

Trefwurden: 
Snits shuttlebus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)