Kommissaris krijt de meast bedrige blom fan Fryslân kado mei in dúdlik boadskip

Arno Brok krijt de Fryske sompehynsteblom fan Erik van den Ham © Herbarium Frisicum
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat op syn besite oan Herbarium Frisicum in kado mei in boadskip krigen: in Fryske sompehynsteblom, de meast bedrige plantesoart yn Fryslân.
It giet om de Taraxacum frisicum, in hynsteblom dy't allinne noch op trije plakken yn Fryslân foarkomt. Oant de jierren fyftich wie it in frij algemiene soart, mar de Fryske sompehynsteblom stiet no op útstjerren.

'Nasjonale blom' fan Fryslân

Herbarium Frisicum joech it ynliste herbariumeksimplaar ek net samar. It herbarium yn Wolvegea fynt dat de Fryske sompehynsteblom de 'nasjonale blom' fan Fryslân wurde moat: as in boechbyld fan ús bioferskaat.
Yn de ôfrûne hûndert jier is it bioferskaat yn Nederlân bot ôfnaam. Sa is it tal ikkerplanten mei 35 persint en it tal greidefûgels mei 85 persint ôfnaam nei 1900, sa hat út ûndersyk bliken dien. Dat moat oars, fynt it Herbarium Frisicum.
Karst Meijer en de kommissaris fan de Kening © Herbarium Frisicum
Kommissaris Brok wie op besite yn Wolvegea fanwegen it 40-jierrich bestean fan Herbarium Frisicum. Dy waard yn 1982 oprjochte mei as doel it fêstlizzen en werombringen fan de Nederlânske floara. In herbarium is simpel sein in samling drûge planten, bedoeld foar ûndersyk.
Yn de rin fan de jierren kamen der hieltyd mear partikuliere en universitêre drûge plantekolleksjes nei Noardwâlde en letter nei Wolvegea ta. De kolleksje jildt no as in tige weardefolle samling en Herbarium Frisicum is in ferneamd kennissintrum mei botanysk erfgoed wurden.