HEA! Martin van Kammen stiet op it WK Crossfit

HEA! Crossfittalint Martin van Kammen
Hy traint 5 dagen yn 'e wike en dan ek noch twa kear deis. Martin van Kammen fan De Westereen is hielendal yn 'e ban fan crossfit. In pittige sport, dy't in kombinaasje is fan krêftsport en gymnastyk en in hiele goede kondysje freget. Op 16 desimber stiet Martin op it WK crossfit yn Meksiko.
Van Kammen die al oan swimmen op heech nivo, doe't hy yn syn stúdzjestêd Grins crossfit ûntduts. De sport ferget in soad fan him, mar hy genietet derfan it uterste út syn lichem te heljen.
Boppedat fynt Van Kammen it in moaie kombinaasje mei syn stúdzje, wêrby't foaral de holle brûkt wurde moat. De Westereender is de iennige Nederlanner op it WK. Hy hopet heech te einigjen, of yn alle gefallen de bêste Europeaan te wurden.