BuurtzorgT stelt kliïntestop yn foar fersekerden by Achmea

Berta Elzinga, psychiater by Buurtzorg-T © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Soarchorganisaasje BuurtzorgT stelt in kliïntestop yn foar minsken dy't fersekere binne by Zilverenkruis/Achmea, dêr't ek De Friesland ûnder falt. Achmea keapet oare soarch yn en dus moat BuurtzorgT minsken mei in swiere depresje op in wachtlist sette.
"Dit is iets wat we uiteraard totaal niet willen", seit Berta Elzinga. Sy is psychiater by BuurtzorgT en behannelet minsken mei in swiere depresje. "We proberen ze met praten en begeleiding weer terug de maatschappij in te krijgen. Het zijn vaak mensen die een traumatische ervaring meegemaakt hebben. Die wil je dan zo snel mogelijk behandelen en wil je dus niet op een wachtlijst zetten", seit se.
"Het sneue is dat we nu ook veel klanten hebben die bij ons op een behandeling aan het wachten waren. Die moeten we nu weer teleurstellen", stelt Elzinga.
Minsken dy't by Achmea fersekere binne, kinne net mear by BuurtzorgT telâne
BuurtzorgT is in relatyf lytse soarchorganisaasje dy't sân teams yn Fryslân hat. Elts team hat likernôch hûndert kliïnten. Sa'n 70 prosint dêrfan sit by in soarchferskering dy't ûnder Achmea falt. Foar harren giet de soarch gewoan troch. Nije minsken kinne der lykwols net komme. Dat binne der alle moannen tusken de 70 en 80.
"Wij willen die mensen de zorg bieden die ze nodig hebben", seit bestjoerder Bas van Riet Paap. Hy hat de ôfrûne tiid mei Achmea yn petear west oer de finansiering. "In het begin van het jaar zei Achmea dat we de financiering konden krijgen. Nu is dat niet meer zo."

Achmea fernuvere

By Achmea wurdt lykwols mei fernuvering reagearre op de pasjintestop fan BuurtzorgT. "Wij moeten contractueel gezien op de hoogte gebracht worden", seit Rop Propsma, wurdfierder fan De Friesland. Dêr falt Achmea ûnder.
"Wij kunnen dan altijd met een zorgorganisatie in overleg. Het gaat namelijk ook over onze verzekerden en die willen we zo goed mogelijk helpen. Als wij op de hoogte zijn van de patiëntenstop kunnen we overleggen met desbetreffende zorgorganisatie of kunnen we patiënten elders onder brengen."
BuurtzorgT seit dat Achmea op de hichte is fan de pasjintestop. Dy duorret oant 31 jannewaris. Dochs hopet BuurtzorgT ta in oplossing te kommen. "We hopen dat we geld krijgen om onze patiënten zo goed mogelijk te kunnen helpen."