"Njoggen moanne te koart foar stikstofoanpassings garnalefiskers"

Garnalefiskersskip by Lauwerseach © ANP
Njoggen moanne is te koart foar de garnalefloat om de skippen klear te meitsjen foar de nije regels foar stikstofútstjit. Dat seit Durk van Tuinen fan It Fiskerijbûn.
Garnalefiskers dy't yn Nederlânske Natura 2000-gebieten fiskje, meie trochgean oant oktober 2023. De Wnb-fergunning (Wet Natuurbescherming) rint op 1 jannewaris ôf. Nei dy tiid wurdt it fiskjen yn dy gebieten troch de fingers sjoen en krije de fiskers de tiid om oanpassingen te dwaan.
De fiskers wurkje al langer mei tydlike natuerwetfergunningen fan it Ryk. As sa'n fergunning ôfrint, moat der in nijen ien oanfrege wurde, want fiskje sûnder is ferbean.

'Fiskjen is gjin besteand gebrûk mear'

Nij oan dizze situaasje is dat de fiskers tenei net mear ûnder 'besteand gebrûk' falle. Se wurde besjoen as 'in nije spiler op it stikstoftoaniel'. "En dat wylst wy al desennialang fiskje", seit Van Tuinen.
Troch de opleine kwalifikaasje 'nij gebrûk' moat de stikstofútstjit ôfrûne op 0 útkomme. "By besteand gebrûk moat der ek redusearre wurde, mar mei der noch wol wat stikstof útstjitten wurde."

"8 of 9 fan de 10 moatte oanpasse"

Elke kotter kriget in yndividuele stikstofberekkening. Neffens Van Tuinen moatte acht of njoggen fan de tsien skippen harren oanpasse.
De fiskers hawwe it no oant 1 oktober oan tiid om oanpassingen te dwaan. Dat betsjut konkreet in nije motor of in katalysator oan board.

Twa jier frege

Dy njoggen moanne tiid is foar de hiele groep te koart. Van Tuinen: "Wy hawwe om twa jier frege, basearre op advizen fan de technisy en de ynstallateurs."
Durk van Tuinen, Fiskersbûn
Bûten de Natura 2000-gebieten fiskje, is tastien, mar it is de fraach oft it dêr ek fange wol, seit Van Tuinen. De measte garnalen - 80 oant 90% - komme út Natura 2000-gebieten.

Unwisse tiid

"Takom jier wer besykje de gedoochperioade te ferlingen, soe in opsje wêze kinne. Mar miskien gean de oanpassingen dochs rapper as we ferwachte hiene. We moatte takom jier mar fierder sjen hoe't it giet. It is in ûnwisse tiid foar ús fiskerij."
Garnalen © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Oer de garnaleprizen is dit jier oer it algemien gjin kleien, neffens Van Tuinen, Mar de kosten binne ek heech. "It is net sa dat we finansjeel in hiel goed jier meitsje."