Argentynske media: "Noppert wie hast fergetten, mar hy joech net op"
Andries Noppert is foar it sukses fan Oranje krekt sa wichtich as topskoarer Cody Gakpo en spulmakker Frenkie de Jong. Dat skriuwt it Argentynske ESPN yn in portret oer de Fryske doelman. "Hy is oant no ta krúsjaal."
It opmerklike ferhaal fan Noppert syn karriêre is yn Fryslân bekend, mar no't Oranje by de lêste acht lannen op it WK sit, ha bûtenlânske media ek hieltyd mear omtinken foar syn ferhaal.
Net allinnich ESPN Argentina tekenet Noppert syn bysûndere trajekt op, want ek Olé en TyC Sports, twa fan de grutste sportwebsiden yn it lân, kinne net om de Fries hinne dizze dagen.
"Nea fûn Noppert syn plak"
Allegear beneame se Noppert syn trochsettingsfermogen. "Twa jier lyn siet de doelman noch sûnder klup", skriuwt ESPN Argentina. "Nei seis moannen sûnder te spyljen, kaam er út by Go Ahead Eagles, wêrnei't er weromgong nei de klup dêr't alles foar him begûn: sc Hearrenfean." Gearfetsjend: 85 wedstriden yn de ôfrûne acht jier.
"Noppert spile oant it belofteteam ek al by Hearrenfean", stiet yn it artikel. "Dêrnei begûn er oan in reis, mar fûn er nea syn plak. Net by NAC, wêryn't er mar seis wedstriden yn fjouwer jier spile. Net by Foggia, wêrmei't er degradearre nei de Serie C en letter de opheffing fan de klup meimakke. Hy spile der acht wedstriden. Sels net by Dordrecht, yn de earste divyzje: mar twa wedstriden."
It hie net in soad skeeld of Noppert wie doe plysjeman wurden, skriuwt TyC Sports. "Noppert is útgroeid as hoekstien yn it team fan Louis van Gaal, mar syn libben hie der hiel oars útsjen kind."
Ek Olé omskriuwt hoe't Noppert in kar meitsje moast. "It maleur kenmerket syn karriêre. Doe't er by Dordrecht in knibbelblessuere oprûn en fuort mocht by dy klup, tocht Noppert nei oer in oare baan. Miskien wie it fuotbal net foar him. Syn famylje besocht him oer te heljen om plysjeman te wurden."
Dat beneamt Noppert sels ek yn it artikel. "Myn frou tocht dat plysjeman wurde myn bêste opsje wie. Mar ik tocht der oars oer. We ha it der soad oer hân, mar ik sei tsjin har dat ik stride sil oant de ein. Ik bin bliid dat ik nei mysels harke ha."
"Ynstelling betellet him út"
ESPN: "Noppert wie hast fergetten, mar hy joech net op. Sa kaam er terjochte by Go Ahead Eagles, wêr't er tweintich wedstriden spile ûnder Kees van Wonderen. Dy naam him mei nei sc Hearrenfean, syn klup. Lang om let koe er syn debút meitsje foar syn jeugdleafde. Hy luts de oandacht fan Van Gaal, dy't him yn septimber foar it earst selektearre foar Oranje."
"Syn ynstelling om nea op te jaan betellet him no út", skriuwt Olé. "Foar it WK hold er seis kear 'de nul' foar Hearrenfean en dat hat him in plak yn de seleksje fan Oranje opsmiten."
En no, sûnder ûnderfining as ynternasjonal, stiet er sels yn de basis op it WK. Dêr is er oant no ta krúsjaal foar it sukses fan Oranje, fine se yn Argentinië. "Yn de earste wedstriid tsjin Senegal soargen syn rêdingen derfoar dat it projekt fan Van Gaal net fuort al sân yn de motor krige", skriuwt ESPN. "En tsjin Ekwador, dat better wie as Nederlân, betelle Noppert it fertrouwen fan Van Gaal werom."
En ek tsjin Amearika wie it Argentynske sportmedium ûnder de yndruk fan de doelman. "Earst by 0-0, letter by 1-0 en 2-0 ek. De rêding op it skot fan Christian Pulisic oan it begjin fan de wedstriid wie belangryk, in pear minuten letter ferhindere er Tim Weah it skoaren en dêrnei ek noch Tim Ream en Walter Zimmerman."
Freed stiet de folgjende útdaging - sa omskriuwt Noppert it sels - op it programma: Argentinië, mei stjerspiler Lionel Messi. De Jouster wurdt der net oars fan, sitearret Olé Noppert: "Ik bin net nerveus. Messi kin ek fale. Dat ha we dit toernoai al sjoen", wiist Noppert op de penalty dy't Messi miste yn de wedstriid tsjin Poalen.
TyC Sports freget Noppert nei de situaasje wêryn't Messi in penalty op him nimme mei. "Hy (Messi, red.) brûkt altyd deselde foet om te sjitten, lykas eltsenien is hy ek mar in minske. Fansels is hy goed, mar ik kin ek in strafskop keare."
Van Gaal is spesjaal
Wat it freed ek wurdt, Noppert belibbet de tiid fan syn sportive libben yn Katar. Yn it artikel fan ESPN hellet Noppert it teamgefoel fan Oranje oan. De spilers geane foar elkoar troch it fjoer.
"Van Gaal is spesjaal foar my", seit Noppert. "Hy hellet it bêste yn ús nei boppen en tagelyk hâldt er de groep by elkoar. Dat is syn kwaliteit. Gewoanwei binne spilers fertrietlik as se net spylje, mar Van Gaal jout elkenien in goed gefoel, wêrtroch't we echt in groep binne. Dat is hiel wichtich."
De kwartfinale fan Oranje tsjin Argentinië begjint freed om 20.00 oere. Noppert is der klear foar, is de konklúzje fan de Argentynske sportmedia.