Noppert strielt yn Katar: "Ik sit fol mei enerzjy"

Bûnscoach Louis van Gaal en Andries Noppert by in praatsesje mei sportmedia yn Katar © ANP
Doelman Andries Noppert genietet folop yn Katar. De Jouster stiet freed mei Oranje tsjinoer Argentinië yn de kwartfinale fan it WK. Fan spanning hat er gjin lêst. "Ik besykje alles op myn eigen wize te dwaan, dan giet it meastal goed."
Dat it in bysûnder ferhaal bliuwt dat de 28-jierrige Noppert no yn de basis stiet op it WK, hat er sels ek wol yn de gaten. Mar oars wurdt er der net fan, seit er yn in ynterview mei sportstjoerder ESPN. "Dit is it heechste poadium, mar dat feroaret it keeperswurk net."
Hy besjocht mei de technyske stêf fan Oranje in soad bylden, mar dat docht er by syn wurkjouwer sc Hearrenfean ek. "Dus dat is ek net hiel oars. It is mar krekt watfoar bylden ast sjen wolst, en ik besjoch deselde saken dy't ik by Hearrenfean ek besjoch."
De earste training nei de oerwinning op Amearika: Andries Noppert boartet mei in kamera, Virgil van Dijk kin derom laitsje © ANP
De seleksje krige earder dizze wike in frije dei fan bûnscoach Louis van Gaal. De spilers en stêfleden follen dy dei yn mei in tocht op in lúkse boat. Dat wie foar Noppert wol in nije ûnderfining. "Sa'n lúkse! In boat fan dit formaat is foar my nij. Wol moai om mei te meitsjen, ik kin derfan genietsje."
Sliepe dogge je nachts.
Andries Noppert
Op oare dagen moat Noppert him soms sels besykje te fermeitsjen. "Faak ha we middeis in pear frije oerkes. Guon jonges sliepe dan even, mar ik net. Ik sliep oerdeis net. Ik sit fol mei enerzjy en bin net it type dat stilsitte kin. Ik doch leaver oare dingen, in bytsje omkuierje. Sliepe dogge je nachts."
Nederlân hat 11 prosint kâns om wrâldkampioen te wurden, neffens sportdataburo Gracenote. Dy kâns wurdt mei elke wedstriid wat grutter, mar Oranje heart neffens Gracenote net by de favoriten. Kommende freed hat Nederlân 42 prosint kâns op winst yn de kwartfinale, tinkt it buro.
Favoryt foar de wrâldtitel is Brazilië mei 25 prosint. Dêrnei komme Argentinië (20 prosint) en Portugal (13 prosint). Kroäsië hat mei 5 prosint de lytste kâns, neffens de data.
Yn Fryslân is Noppert bekend, mar yn hieltyd mear lannen komme se no yn 'e kunde mei de lange doelman. Sels giet er der op syn wize mei om: libje fan wedstriid nei wedstriid.
It moaiste momint is dêrom foar him ek de lêste wedstriid, dy tsjin Amearika. Doe wie Noppert yn de earste minuten fuort belangryk, mei in knappe rêding op in skot fan Christian Pulisic. "De earste bal is foar in keeper altyd belangryk. Ast dy pakst, maklik of net, fielst direkt datst lekker yn de wedstriid sitst."

'Net benaud foar Messi'

No wachtet freed Argentinië yn de kwartfinale. Dat betsjut in konfrontaasje mei ûnder oare Lionel Messi, ien fan de bêste fuotballers fan de wrâld. Noppert is lykwols net benaud foar de lytse balkeunstner en syn ploechgenoaten.
"Der sil op in bepaald stuit wol spanning komme. Moatst ek spanning ha, oars kinst likegoed ophâlde. Mar nerveus? Dat net", seit Noppert by in parsemomint.
Fuotbalje yn de earste divyzje of in wedstriid op it heechste poadium fan it fuotbal; Noppert wurdt der net oars fan en dat falt goed by syn teamgenoaten by Oranje. "Dat is foar my it alderbelangrykste. Ik doch it op myn wize. Dit is wol in oare wrâld, mar dêrtroch sil ik my net oars gedrage."
De wedstriid tsjin Argentinië set freed om 20.00 oere útein. De ynset is in plak yn de heale finale fan it WK fuotbal.