De toan fan Froukje Sijtsma: "Minder is mear"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Minder is mear. Less is more. By de oplieding Sjoernalistyk learde ik: 'skriuwe is skrasse', want mei minder sizze je faak mear. Eins stiet de tiid dêr't wy no yn libje folslein yn it ramt fan dat 'Minder is mear'-prinsipe, al is dat lykwols yn in oare kontekst.
Wy dogge minder boadskippen, mar betelje mear. De brânstoftank sit minder fol, mar wy rekkenje mear ôf. En hieltyd mear Friezen sitte yn de kjeld, om't se de ferwaarming minder oansette. En troch Schiphol binne der aanst minder boeren, mar hat it fleanfjild mear stikstofromte ta syn beskikking.
De toan fan Froukje Sijtsma
De nijsberjochten fan dat kaliber fleane je om de earen: '40 prosint mear húshâldens by Fryske Voedselbanken', kopt Omrop Fryslân. 'Meer naar de kringloop en minder vaak de schoen zetten: een derde geeft dit jaar minder geld uit aan cadeautjes en lekkernijen', skriuwt EenVandaag.
Wy libje yn in drege tiid. Dizze en kommende generaasjes moatte ferskate grutte problemen oplosse. Neffens Jan Rotmans, professor yn de transysjekunde, moat de wrâld mei sa'n tsien útdagings oan de gong, lykas de sirkulêre, sosjale en romtlike transysje. Mar ek mei feroarings oangeande enerzjy, grûnstoffen, lânbou & iten, finânsjes, ûnderwiis, soarch en demokrasy. Neffens Rotmans komt it ienris yn de 100 à 150 jier foar dat in mienskip in grutte omslach meimakket en dêr sitte wy no middenyn.
Al dy pineholledossiers meitsje fan desimber in feestmoanne mei driigjende wolken. Desimber is de tiid fan jaan en ûntfange. In koer fol pakjes mei Sinteklaas, en royale geskinken ûnder in fersierde krystbeam. Mar foar hast elkenien jildt dat der soargen binne oer de takomst. Oer finânsjes, oer wenromte, oer iensumens, oer natoer, oer frede en oer al dy transysjes dêr't wy wat mei moatte.
Utienrinnende aksjefierders gripe de feestdagen ek oan om politike statements te meitsjen. Sa fregen pytsjes yn Harns dit wykein omtinken foar it probleem fan plestik sop. Gjin pûden fol pakjes, mar sekken fol plestik rommel, hienen se oer it skouder. En guon ketens, lykas Dille & Kamille dienen bewust net mei oan Black Friday om in fûst te meitsjen tsjin de konsumpsjemaatskippij. Wa wit fiere de rindieren fan de krystman dit jier aksje tsjin in ranende iiskap.
Hieltyd mear minsken fiele har minder thús yn de hjoeddeistige maatskippij. Se misse waarmte, leafde en belutsenheid. Sels haw ik ek hieltyd mear muoite mei hoe't wy omgean mei elkoar en mei de wrâld. En eins fielt hast eltsenien wol oan dat de tiid dêr't wy no yn libje om feroarings freget.
Neffens transysjekundige Jan Rotmans binne wy al ûnderweis dêrnei ta. Hy stelt: "We leven niet in een tijdperk van veranderingen, we leven in een verandering van tijdperk". Sûnt ik dy kwoot lêzen haw, kin ik mei in bytsje mear rêst nei dizze gaoatyske tiid sjen.
Wy binne al op reis en feroarings gean nea sûnder wriuwing en opstân. Mar as wy as minsken dêryn it ferskil meitsje kinne, mei it dan yn dizze desimbermoanne en ek dêrnei in bytsje mear 'ús' wêze en in bytsje minder 'ikke'?"