Soarchautoriteit kritysk oer sluting bernehertsintrum: "Risicovol voor zorg in de regio"

Petysje foar it bernehertsintrum fan it UMCG © Omrop Fryslân
De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) is tige kritysk oer it kabinetsbeslút om de spesjalisearre hertsoarch foar bern fuort te heljen út it UMCG yn Grins. Ald-minister Hugo de Jonge woe de bernehertsoarch konsintrearje yn Rotterdam en Utrecht.
De autoriteit foarsjocht dat hertpasjinten yn it Noarden by spoedsituaasjes risiko's rinne as de hertspesjalisaasje út it UMCG ferdwynt. Dêrnjonken is it Grinzer sikehûs it iennige plak dêr't slimsike bern soarch op in intensive care krije kinne.
Sûnder hertsoarchekspertize ferdwynt automatysk de folweardige akute soarch yn it Noarden, seit de tafersjochhâlder. "Het kan leiden tot een sluiting van de kinder-intensivecareafdeling en een risico zijn voor de regionale beschikbaarheid van de acute zorg."

Grutte gefolgen

Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens nimt begjin 2023 in definityf beslút oer de konsintraasje fan bernehertsoarch. Neffens de NZa hat sluting "grote en onomkeerbare gevolgen" foar de troffen sikehuzen. Sawol dokters as pasjinten moatte dan langer reizgje. "Patiënten met een aangeboren hartafwijking moeten altijd kunnen rekenen op goede en toegankelijke zorg."
Kuipers skriuwt yn in brief oan de Twadde Keamer dat er dizze moanne yn petear sil mei pasjinten, de soarch en oare belutsenen. Hy neamt ek dat der sûnt 1993 noch folle mear rapporten mei advizen oer dit ûnderwerp ferskynd binne. It is "een discussie die al zo'n drie decennia loopt", skriuwt de minister.