Trije koarte dokumintêres yn 'Nije Eagen'

© Omrop Fryslân
FryslânDOK presintearret mei 'Nije Eagen' no foar it tredde jier in trijetal koarte dokumintêres fan nije makkers. Dit jier binne dat Merel Musch, Louka Hoogendijk en Eline van Diggelen.
'Nije Eagen' is in gearwurking tusken FryslânDOK, Stichting Thuishaven en Plons! Filmfestival.
FryslânDOK 'Nije eagen'
Sneon 3 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.10 oere)
Snein 4 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Somtiden lykje wy ferjitten te wêzen hoe't wy op de natuer oanwiisd binne. Doare wy ússels noch wol liede te litten troch de krêft fan de natuer? Dat freget Merel Musch har ôf yn de film 'Gedragen door de wind.'
Gedragen door de wind © Merel Musch
De film giet oer Juan, berne yn Perû. Hy learde him yn it Andesberchte him te ferbinen de natuer. Hy wennet no yn Fryslân en dreamt derfan om mei syn hynders in tocht te meitsjen by de Iselmar del.
Infinite lines © Louka Hoogendijk
'Infinite lines' is in poëtyske dokumintêre oer lichaamlike en emosjonele reaksjes op seksueel geweld. Regisseur Louka Hoogendijk ûndersiket yn de film de fraach: wat rekkenest dysels oan, neidat dyn lichem in kar makke hat foar dy, om dy te beskermjen?
Jelmer Remmers © Gerko Jonker
Yn Nederlân binne trije okularisten. Ien fan harren is Jelmer Remmers út Grou. Hy makket eachprotezes foar minsken dy't troch sykte of trauma in each ferlern hawwe.
Ut: Nij Each © Gerko Jonker
Eline van Diggelen lit yn de film 'Nij Each' sjen hoe't Jelmer en syn kollega Julios harren fokusje op de alderlytste details by it meitsjen fan sa'n proteze. Jelmer tinkt mei likefolle oandacht om de pasjint. Tagelyk krijt de sjogger in byld fan wat it nije each betsjut foar de ûntfanger.
Piter Tjeerdsma oer de dokumintêres