'FryslânDOK sjocht fierder': Mear oandacht foar geweld tsjin froulju

FryslânDOK sjocht fierder © Omrop Fryslân
Hjoed de tredde dei fan 'FryslânDOK sjocht fierder' mei in heftich mar belangryk ûnderwerp: geweld tsjin froulju. It tema fan de wrâldwide kampanje 'Orange the World'. Hjoed twa yngripende films oer dat tema en noch in bysûndere film út Nederlân en Frankryk.

Gedragen door de wind (Nederlân) 10'

Soms liket it as binne we fergetten hoe't we op de natoer oanwiisd binne. Doare wy ús noch wol liede te litten troch de krêft fan de natoer? Juan groeide op yn it Andesgeberchte yn Perû. Hy learde himsels te ferbinen mei de natoer. Yn Fryslân dreamt hy derfan om mei syn hynders in tocht te meitsjen by de Iselmar lâns.
Gedragen door de wind © Merel Musch

Infinite lines (Nederlân) 9'

In koarte, poëtyske film fan Louka Hoogendijk oer lichaamlike en emosjonele reaksjes op seksueel geweld. Yn har film ûndersiket Hoogendijk de fraach: wat rekkenest dysels oan, neidat dyn lichem in kar makke hat foar dy om dy te beskermjen?
Infinite lines © Louka Hoogendijk

D'abord ne pas nuire 'Earst gjin kwea dwaan' (Frankryk) 52'

In Frânske film oer it trauma fan seksueel misbrûk op it froulik lichem en it belang fan in goede behanneling troch dokters, foaral by froulju dy't yn ferwachting binne. Froulju diele iepenhertich har libbensferhalen mei de filmmakker. In heftich ûnderwerp en tagelyk foarm hawwe jûn op poëtyske wize, makket dat dizze priiswinnende dokumintêre in djippe yndruk achterlit.
D'abord ne pas nuire © Eric Lemasson

Gasten

Hjoed trije gasten oan tafel by Karen Bies om nei te praten oer dit belangryke en yngripende ûnderwerp; Louka Hoogendijk de regisseur fan 'Infinite lines' en Trudy de Vos fan Fier. Ek Merel Musch is oanwêzich om te praten oer har film 'Gedragen door de wind'.
Louka Hoogendijk, Karen Bies, Merel Musch en Trudy de Vos © Omrop Fryslân

FryslânDOK sjocht fierder

'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan 19.30 oant 21.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.
'FryslânDOK sjocht fierder' is allinnich op telefyzje te sjen en wurdt nét online set.
Sjoch foar mear ynformaasje op omropfryslan.nl/fryslandok.