Fryske polityk: gau mear enerzjy opwekke en minder ôfhinklik wurde

© Shutterstock
Fryslân moat sa gau mooglik besykje om sels genôch duorsume enerzjy te produsearjen foar de eigen befolking en bedriuwen. Dat wolle Provinsjale Steaten.
De Fryske enerzjykoöperaasjes hawwe by de provinsje oanjûn dat se de produksje graach útwreidzje wolle. Fia sa'n fyftjin saneamde enerzjyhubs soe dy enerzjy fan sinne, grien gas, wyn en wetterstof beskikber komme kinne tsjin in saneamde 'kostpriis-plus' sûnder hege winstmarzje.
Neffens CDA-Steatelid Anton Meijerman hat it foarstel fan de yn FREON feriene enerzjykoöperaasjes grutte foardielen. Je binne dan net mear ôfhinklik fan bûtenlânske multinasjonals dy't foaral winst meitsje wolle. Boppedat bliuwt it jild dat fertsjinne wurdt yn de eigen mienskip. It provinsjaal bestjoer hat no fan de Steaten de opdracht krigen om binnen in jier út te sykjen oft it foarstel fan de enerzjykoöperaasjes ek útfierber is.

Folle rapper as 2050

Neffens Meijerman binne de Fryske enerzjykoöperaasjes mei-inoar ta hiel wat by steat. "Fryslân kan veel eerder dan 2050 in eigen energie voorzien, daar ben ik van overtuigd", seit Meijerman oer de moasje 'Enerzjytransysje op eigen krêft', dy't er yntsjinne út namme fan CDA, GrienLinks, SP en Steatelid Wiersma.
De enerzjykrisis fan dit momint, mei de hege prizen foar gas, elektrisiteit, benzine en disel, is foar de yntsjinners fan de moasje oanlieding om de enerzjyproduksje yn Fryslân gau opfiere te wollen.

Mear romte foar doarpsmûnen

Der binne yn Fryslân noch wol regels dy't guon inisjativen fan de enerzjykoöperaasjes yn it paad stean. De saneamde Grinslanner wynmûntsjes meie op dit stuit allinnich brûkt wurde om de buorkerij dêr't se by steane fan enerzjy te foarsjen, mar net foar in doarpskoöperaasje. "Het nieuwe college zal hier mee aan de slag moeten, want onder de huidige regels is dat niet mogelijk."
As it oan Meijerman leit krije de Fryske koöperaasjes hiel gau de romte om út te wreidzjen. "Het is heel raar dat we de grote buitenlandse multinationals spekken via de energierekening. We kunnen beter zelf opwekken, de kostprijs betalen en winsten teruggeven aan de gemeenschap."