Falske Jopie Huismans te keap

28 nov 2011 - 14:10

Jacob Huisman, de soan fan Jopie Huisman, hat oanjefte dien fan ferfalskings fan wurk fan syn heit. Feilinghûs Ald Frylân yn Drylts hat in skilderij ferkocht dat, neffens Huisman, wis in ferfalsking is. Hy is der sa wis fan omdat it orizijinele wurk by him thús yn Hjerbeam oan de muorre hinget.

By feilinghûs AAG yn Amsterdam wurdt op dit stuit ek wurk oanbean dat neffens Jacob Huisman net troch syn heit Jopie makke is.

Trefwurden: 
Jopie Huisman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)