Ofdielings Sionsberg ticht

28 nov 2011 - 12:45

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum slút de ôfdielings kardiology, earste help en sjirurgy foar kankerpasjinten. Foar de earste help wurdt yn de regio in ekstra ambulânsepost ynrjochte. Befalle yn De Sionsberg is noch wol mooglik, mar komplekse gefallen moatte nei in oar sikehûs ta.

De Sionsberg hat dat besletten yn oerlis mei de ynspeksje foar de folkssûnens. Dy stelde it sikehûs earder dit jier ûnder ferskerpe tafersjoch, omdat benammen op de ôfdieling kardiology ferskate saken net op oarder wiene. It tafersjoch wurdt no opheft fanwege de maatregels. It is noch net dúdlik hoefolle banen oft der ferlern gean.

Trefwurden: 
De Sionsberg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)