Marijke Wouda reizget mei har famylje hiel Europa troch: "Frijheid is it moaiste"

Marijke Wouda en har famylje © Marijke Wouda
Fan it simmer wienen se yn Skandinavië, de lêste moannen rieden se troch de Balkan en no ferbliuwe se yn Grikelân. Marijke Wouda makket mei har freon en twa bern in grutte reis troch Europa. "De bêste kar dy't we meitsje koenen."
It is net foar it earst dat Marijke en Riemer langere tiid fuort binne. Yn 2013 wienen se al in goed healjier oan it reizgjen yn Nij-Seelân, Australië en Azië. Trije jier nei't se weromkamen, kochten se in hûs en krigen se twa bern.
Mar sawol Marijke as Riemer hienen it net hiel bot nei it sin op it wurk. Doe't it coronafirus ek nochris útbruts, ha se plannen makke om wer in grutte reis te meitsjen: diskear wat tichter by hûs, mei de camper troch Europa.
Se fregen har ôf oft it wol ferstannich wie.
Famylje en freonen hienen har twivels by de reis
"Twa moannen nei't we de plannen rûn hienen, wie it hûs yn Damwâld al ferkocht", fertelt Marijke. "Yn septimber 2021 binne we fuortgien. Famylje en freonen hienen mingde reaksjes: de ien snapte it hiel goed, de oar moast wol even slokke. Se fregen har ôf oft it wol ferstannich wie."
Mar dêr kin Marijke dúdlik oer wêze: "Dit is de bêste kar dy't we meitsje koenen."
De reis ferrint net sûnder problemen. Nei tuskenstops yn Nederlân, Frankryk en Spanje ("Noard-Spanje is no ien fan ús favorite plakken") bedarren se yn Portugal. Dêr gong it âlde camperke út 1992 stikken. "We hienen al net ferwachte dat er it de hiele reis folhâlde soe", seit Marijke.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Nei de maleur binne se even weromgien nei Nederlân. "Dêr ha we in nije camper kocht en doe binne we opnij begûn. In lange reis troch Tsjechië, Eastenryk, Italië, Dútslân, Denemarken, Sweden en Finlân koe begjinne."
Se binne derachter kaam dat se net sa folle nedich ha. In telefoan en laptop ha se wol mei, mar alle dagen dûse bygelyks? Dat hoecht net, is no wol it besef.
"Fansels is it soms wol pittich mei twa jonge bern", seit Marijke. "Mar dat is it thús soms ek wol. No sitte we allinnich 24 oeren deis by-elkoar, dat is thús oars. Dêrom besykje we no sa no en dan om even allinnich te kuierjen, dan kinne je even wat romte pakke."
© Marijke Wouda
It moaiste fan de reis fynt Marijke de frijheid dy't se ha. Se kinne dwaan wat se wolle. Dêrnjonken is it noflik om minsken te moetsjen dy't itselde yn it libben steane.
"De reisdriuw ha we yn ús freoneploech en famylje net echt. Ik fernim wol dat it mei bern hiel oars is. Oars hienen we noch aktiver west. Tagelyk is it ek hiel bysûnder om alle ûntwikkelingen te sjen no't se noch sa jong binne."
© Marijke Wouda
In favoryt plak is dreech om oan te jaan. Noard-Spanje befoel goed, mar Marijke hie ek net tocht dat Noard-Grikelân sa prachtich wêze soe. "We ha hjir sókke moaie dingen sjoen! Ik ried elkenien oan om hjirhinne te gean."
Grikelân befalt goed en dus is de planning om dêr noch even te bliuwen. "We witte noch net oft we yn jannewaris weromgeane nei Nederlân of dat it maart wurdt."

Noch in grutter avontuer

Dat hinget ôf fan wannear't de nije wenning yn Nederlân klear is: in tiny house. "De tekeningen lizze noch by in arsjitekt. Dat wurdt ús folgjende aventoer, miskien noch wol in grutter aventoer as dat fan no."
It tiny house wurdt boud yn Fryslân, mar komt úteinlik te stean yn Doetinchem. "Dy gemeente wie dêryn hiel frij, dêr wie de romte. Ik fyn it ek net slim. Miskien dat we yn de takomst oait werom komme nei Fryslân. We krije yn alle gefallen in hûs dat we aanst sa oppakke en ferpleatse kinne."