'FryslânDOK sjocht fierder': Films fan it plattelân

FryslânDOK sjocht fierder © Omrop Fryslân
Hjoed dei twa fan 'FryslânDOK sjocht fierder', juster is de wike úteinset mei twa films oer de wolf. Hjoed stiet it tema it plattelân sintraal, mei trije films út België, Ingelân en Italië.

Buck Fever 'Hartekoarts' (Amearika, België) 17'

Yn Texas (Feriene Steaten) stiet Emily, in talintfol cheerleader fan acht jier, foar in grutte útdaging. Sy is it jongste bern yn in echte jagersfamylje. En de iennichste fan wa't der noch gjin selssketten hartekop yn de wenkeamer hinget. Emily is fêstbesletten om dat lege plak oan de muorre op te foljen. Se giet foar de earste kear mei har heit op jacht.
Buck Fever © Griet Goelen

Farming on the spectrum 'Buorkje yn it spektrum' (Ingelân) 29'

Pennyhooks is in soarchbuorkerij yn Oxfordshire, bedoeld foar minsken yn it autistysk spektrum. It kontakt mei de bisten en it wurk op de buorkerij docht harren hiel goed, sa sjogge we by de minsken dêr't we mei yn de kunde komme. Lydia runt de soarchbuorkerij al tweintich jier en hat der alles foar oer. In nijsgjirrige en oandwaanlike dokumintêre.
Farming on the spectrum © Ben Moore

La Prova 'It Bewiis' (Itaalje, België) 17'

In âlder pear op it plattelân fan Súd-Italië sjocht hoe't de tiid ferstrykt. Sy wrot har in slach yn 'e rûnte op it hiem. Him komt net folle mear út hannen. Tegearre wurde se âld en bringe se in baarch grut.
La Prova © Antoine Guillemot

Gasten

Hjoed trije gasten oan tafel by Karen Bies, om te praten oer de dokumintêres. Griet Goelen, de regisseur fan 'Buck Fever', Susan Ophorst (hegeskoalle Van Hall Larenstein) en Piter Tjeerdsma, einredakteur FryslânDOK.
Susan Ophorst< Karen Bies, Griet Goelen en Piter Tjeerdsma © Omrop Fryslân

FryslânDOK sjocht fierder

'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan 19.30 oant 21.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.
'FryslânDOK sjocht fierder' is allinnich op telefyzje te sjen en wurdt nét online set.
Sjoch foar mear ynformaasje op omropfryslan.nl/fryslandok.