Mei flaterfrije Noppert wint Oranje fan Katar en giet troch nei de achtste finales

Andries Noppert keart de bal yn de wedstriid tsjin Katar © ANP
Mei Andries Noppert ûnder de latte hat it Nederlânsk alvetal mei 2-0 fan Katar wûn. Dêrmei hat Oranje him as winner fan groep A pleatst foar de achtste finales fan dit WK.
Yn de 26ste minút skoarde Cody Gakpo de 1-0. De oanfaller fan PSV pleatste de bal kreas yn 'e hoeke. Nei de goals tsjin Senegal en Ekwador is it al it tredde doelpunt fan Gakpo.
Frenkie de Jong ferdûbele nei it skoft de skoare. Nei in foarset fan Klaassen koe doelman Barsham rêding bringe, mar de rebound waard benut troch De Jong. It is foar De Jong pas syn twadde doelpunt yn 48 ynterlands.

Maklik

Doelman Andries Noppert hie it maklik en hoegde net in soad yn aksje te kommen. De Jouster hie yn de earste helte in rêding op in skot fan Ismaeel Mohammad en yn de twadde helte koe hy in skot fan Abdulaziz Hatem keare mei de fuotten. De 2-0 kaam gjin inkeld momint yn gefaar. Ynfaller Steven Berghuis skeat noch in bal op 'e latte.
Noppert is de ûnbestriden nûmer ien fan Oranje. Neffens bûnscoach Van Gaal lit de Jouster him de kop net gek meitsje. "Ik denk dat Andries een persoonlijkheid heeft waarvan wij al aannamen dat hij niet onder de indruk zou zijn van het WK. Wat heel belangrijk was, was hoe hij in de weken voor het WK heeft gespeeld bij sc Heerenveen. Daar heeft hij alleen maar de ballen gestopt die hij kon stoppen. Hij was in vorm. Opbouwend kan hij ook de ballen geven die wij nodig hebben als team."

Sneon tsjin winner groep B

Yn de achtste finales moat Nederlân it kommende sneon opnimme tsjin de nûmer 2 fan groep B: de Feriene Steaten. Senegal giet nei in 2-1 oerwinning op Ekwador as twadde troch yn groep A.