'FryslânDOK sjocht fierder': Dêr komt de wolf

FryslânDOK sjocht fierder © Omrop Fryslân
Hjoed set 'FryslânDOK sjocht fierder' útein, mei fjouwer dagen lang bysûndere dokumintêres út hiel Europa. Karen Bies praat mei filmmakkers en nijsgjirrige gasten. We begjinne op de earste dei mei twa dokumintêres oer de wolf. In aktueel ûnderwerp, net allinne yn Fryslân, mar yn hiel Europa.

Que ve el llop 'Dêr komt de wolf' (Kataloanië) 45'

De wolf dûkt nei jierren wer op yn de bergen fan Kataloanië. Hoe om te gean mei dit mytyske en wylde bist? Skiepshoeders reitsje tsientallen skiep kwyt, natuerbeskermers ûndersykje it gedrach fan de wolf. Dêrby spilet ek de soartgenoat fan de wolf in moaie rol, in jonge Pyrenese berchhûn, dy't leart hoe't hy de keppel skiep beskermje moat. In film dy't him ôfspilet yn Spanje en troch it tema ek tige aktueel is yn Fryslân.
Que ve el llop © TV3-Televisió de Catalunya

Naya (Nederlân) 25'

Wolvin Naya wurdt folge op har reis fan har berteplak yn Dútslân troch Nederlân en België. Wyldkamera's, GPS en nijsberjochten soargje dat se hieltyd bekender en sichtberder wurdt. Mar dêrmei komt har wyldheid én har bestean yn gefaar.
It bysûndere fan dizze dokumintêre is dat er folslein makke is mei bylden fan wyld- en bewakingskamera's en mei it lûd fan radioprogramma's.
Naya © Sebastian Mulder
Hjoed trije gasten oan tafel by Karen Bies. Wolvekenner Jeannet Hulshof, de regisseur fan Naya: Sebastian Mulder en einredakteur FryslânDOK en Piter Tjeerdsma. Karen praat mei harren oer de twa dokumintêres en oer de wolf.
Jeannet Hulshof, Sebastian Mulder en Piter Tjeerdsma © Omrop Fryslân
FryslânDOK sjocht fierder
'FryslânDOK sjocht fierder' is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber, fan 19.30 oant 21.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.
'FryslânDOK sjocht fierder' is allinnich op telefyzje te sjen en wurdt net online set. Sjoch foar mear ynformaasje op omropfryslan.nl/fryslandok.