Mear gefallen fan besmetlike kninesykte, dy't ek yn de Wâlden konstatearre is

In knyn by de bistedokter © Shutterstock.com (Friends Stock)
It Dutch Wildlife Health Centre konstatearret in tanimming oan meldingen fan in tige besmetlike en deadlike sykte by kninen. Ek yn Fryslân is de sykte oantroffen, yn de omkriten fan Tytsjerksteradiel.
It giet om de ynfeksje RHDV-2 (Rabbit Hemorrhagic Disease Virus), dy't by wylde populaasjes kninen fûn wurdt. De kninen besmette inoar troch kontakt of fia oanrekking mei stront. Ek yn de stront fan rôfbisten dy't in besmet knyn iten hawwe kin it firus sitte. Oare húsdieren binne net fetber foar de sykte.
It is noch in relatyf 'nije' sykte hjir, yn 2015 dûkte de ynfeksje foar it earst yn Nederlân op. It firus hat dêrnei net mear fuort west, mar neffens it DWHC binne der dit jier wol in soad slachtoffers.

Mear deade kninen

Yn de earste helte fan dit jier kamen der mar in pear meldingen binnen, Mar yn de twadde helte dan dit jier hat de organisaasje sa'n fjouwer oant seis meldingen de moanne binnenkrigen fan deade kninen.
Faak wurdt der mei ien melding makke fan meardere deade kninen: de fynsten rinne fan twa oant 25 deade kninen.

Wâlden en Weststellingwerf

14 deade kninen fan 8 lokaasjes binne yn in laboratoarium ûndersocht. Dêrfan wiene der njoggen besmet mei RHDV-2, ek út de Fryske Wâlden dus. Yn de earste helte fan it jier is ek yn Weststellingwerf in melding fan deade kninen dien. Dêr is de deadsoarsaak lykwols net ûndersocht.
It faksinearjen fan húsdierkninen is net ferplichte, mar it kin wol. Dutch Wildlife Health Centre ferwiist dêrfoar nei de bistedokter.