Lotterij foar better Thialf

28 nov 2011 - 12:12

De VVD yn de Twadde Keamer fynt dat der in grutte lotterij komme moat foar in better Thialf. Der binne al langer plannen om Thialf op te knappen of om in nij stadion te bouwen. De VVD tinkt no dat it jild dêrfoar binnenhelle wurde kin mei de ferkeap fan lotten.

Foar de lotterij moatte de regels wol oanpast wurde.
Op dit stuit kin in sportfoarsjenning net as doel oanmerkt wurde sûnder dat der in soad belesting oer de opbringst betelle wurde moat. De VVD bringt it plan moandei yn by de behanneling fan de sportbegrutting foar takom jier.

Trefwurden: 
Thialf VVD lotterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)