Ald-haadredakteur Bildtse Post skriuwt earste roman yn it Biltsk

Gerard de Jong mei syn Biltske roman © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Foar it earst is in roman yn de Biltske taal ferskynd: 'Blau fan dagen, griis fan ônrust' is sneon 26 novimber presintearre. De skriuwer is Gerard Marcel de Jong, oant ferline jier haadredakteur fan de Bildtse Post.
De Jong hat fiif jier dien oer it skriuwen fan de roman. Hy gie yn 2017 nei San Sebastian foar it projekt Oare Wurden, om dêr de basis te lizzen foar it boek. "Maar fan wat ik dêr skreven hew, is d'r gyn letter meer staan bleven." laket De Jong. Hy hat syn ferbliuw yn Baskelân wol brûkt troch syn haadpersoan ek nei Baskelân ôfreizgje te litten.
Oare Wurden - Other words - wie in projekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. Dy skriuwers koenen acht wiken yn it bûtenlân wenje en wurkje. It doel fan in ferbliuw yn it bûtenlân wie it opbouwen fan in literêr netwurk. It úteinlike wurk is yn it Ingelsk en oare talen oerset en publisearre op de webside fan Oare Wurden.
Dy haadpersoan, Sierd, wrakselet mei fan alles: mei syn keunst - hy is skilder - mei It Bilt, mei in trauma en mei de leafde. Hieltyd wer moat er kieze: gean ik links of gean ik rjochts. Mar it is dreech foar him om in kar te meitsjen; hy lit him liede troch wat foar him besletten wurdt.

Perfoarst yn it Biltsk

Neffens De Jong moast dit boek perfoarst yn it Biltsk skreaun wurde: "De hoofpersoan is Bildts, 't speult foor 'n groat part op 't Bildt en 't Bildtse landskap speult 'n belangrike rôl. Dut kon niet in 't Nederlâns of 'n ândere taal."
Ik dink dat ’t goed leesber is foor Friezen en Hollanders.
Gerard Marcel de Jong oer syn boek
Foar in net-Bilkert is it Biltsk lêzen wol te dwaan, mar it is wennen. Dat kin in drompel wêze foar minsken. Dochs tinkt De Jong dat it foar Friezen en Hollanners goed te dwaan is: "Ik krij wel 's de fraag at 't ok overset wort in 't Nederlâns. Dat fyn ik ferfelend want 't roept bij mij 't gefoel op as sou 't dan krekt echt status krije. Dernaast dink ik dat 't goed leesber is foor Friezen en Nederlanders."

Iepen ein

It ferhaal hat in iepen ein. Net omdat der dan eventueel in ferfolch op komme kin, want dat ferfolch komt der net. "Ik fyn dat 't open eande bij dut ferhaal past. Derdeur kin de hoofdpersoan Sierd nag alle kanten op. Dat dualisme speult deur 't hele boek hine en dus ok op 't eand."
It boek © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De titel fan it boek 'Blau fan dagen, griis fan ônrust' is in Biltsk sechje dat De Jong kennen leard hat by syn pake en beppe. "Ik loof dat Friezen 't sechy 'Blau fan dagen' wel kinne, maar niet met de toefoeging 'griis fan ônrust'. Dat is tipys Bildts. Ik fon 't altyd 'n mooi sechy want d'r sit fan alles in. 't Het wat onhailspellends, soa fan: 't kin soamaar omslaan. En d'r sit dualiteit in: 't mooie in 'blau fan dagen' en de draiging in 'griis fan ônrust."
Dat 't Bildts gyn literêre tradisy het, dat het mij niet in 't paad staan.
Gerard Marcel de Jong oer it skriuwen
Dat Gerard de Jong him net spegelje kinnen hat oan oare Biltske romanskriuwers hat gjin ynfloed hân tinkt er. Pas doe't in Baskyske sjoernalist him derrnei frege, realisearre er him dat dat wol sa wêze kinnen hie. "Maar ik hew d'r niet bij stilstaan. Wilens die sjoernaliste docht dat dat 'n heel groat ding weze kon. Soa fan: nou staan ik an 't begin fan 'n literêre geskidenis."
Geartsje de Vries praat op it Bilt mei Gerard Marcel de Jong
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.