"Mei Sinteklaas, ik sit fêst yn de lift!": benaude mominten yn Ljouwert

Sinteklaas siet fêst yn in lift op winkelpark De Centrale © Goedhillichman
"Mei Sinteklaas, ik sit fêst yn de lift!" It wienen benaude mominten foar de Sint en syn Piten: wol in oere lang sieten se fêst yn de lift yn in grut winkelpark yn Ljouwert.
"We drukten op it knopke", fertelt Sint, "want we moasten wer nei ûnderen en yn ien kear pipe en kreake it en sakke de lift wat nei ûnderen. En doe wie it gebeurd."
Se koenen earst mei net ien kontakt krije. "We ha in kear as trije de needknop yndrukt." Nei in goed healoere krigen se ien te sprekken. "'Mei Sinteklaas, ik sit fêst yn de lift!' sei ik, mar dy persoan leaude ús eins net."
Der waard besocht om it op te lossen. "Doe't dat net slagge, is de brânwacht belle."
De brânwacht waard oproppen om de Sint te helpen © S. Nicolaas
Gelokkich is it dus goed kaam en koe Sint mei syn Piten wer de winkels fan De Centrale by del.
Sint fêst yn lift Ljouwert