Rydbewiis 89-jierrige ynnaam

In 89-jierrige automobilist út De Hoeve is snein syn rydbewiis kwytrekke. De man soe fan in besite op De Gordyk nei hûs ta ride. Hy ferdwaalde en kaam op 'e Jouwer telâne. Dêr frege er it paad oan foarbygongers. Dy fertrouden it net en warskôgen de plysje. Eefkes neidat er fuortriden wie, miste de man in bocht en bedarre yn de berm. Dêrnei botste er hast tsjin in beam oan.
De plysje besleat it rydbewiis fan de man yn te foarderjen. It CBR sil beoardielje oft er noch wol geskikt is om in auto te bestjoeren.