Adema wol allinne duorsume produkten yn supermerk, gjin 'karmenu' mear

Ministers Van der Wal en Adema © ANP
It kabinet presintearre freed plannen om ta in lânbou-akkoart te kommen en stikstofdelslach te beheinen. De Fryske minister Piet Adema wol dat boeren nei 2040 allinne noch duorsum produsearje foar de supermerk.
Begjin takom jier wol it kabinet in lânbou-akkoart slute mei lânbou-organisaasjes, natuerklups en legere oerheden oer de takomst fan de lânbou.
Minister Piet Adema fan lânbou wol dat boeren fan 2040 ôf allinne noch duorsum produsearje en dat supermerken allinne noch grien produsearre produkten ferkeapje. Ofspraken dêrfoar wol er fêstlizze yn it lânbou-akkoart.

'Gjin karmenu mear'

"Mijn bedoeling is om de schappen met duurzame producten te vullen. En dat het geen keuzemenu meer is", sei Adema tsjin de lanlike media.
Hy wol kringlooplânbou. "We verleggen het uitgangspunt, van massaproductie tegen de laagste prijs naar een systeem waarin klimaat, bodem, water en biodiversiteit leidend zijn voor waar, wat en hoe boeren kunnen produceren."
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Boeren moatte dêrfoar in earlike priis krije, dat moat mei hurde ôfspraken ôftwongen wurde mei de supermerken en fiedselferwurkers. As dat net slagget, moat it fia de wet regele wurde.

Kritearia foar pykbelêsters

'Pykbelêsters' wurde flugger oanpakt, sa wol it kabinet. Likegoed boeren as yndustry. Mei de fyftich grutste pykbelêsters yn de yndustry wurde ôfspraken makke oer rappere ferduorsuming en ek de fergunningen wurde oanskerpe.
De stikstofromte dy't dat opsmyt, wol it kabinet brûke om PAS-melders, boeren dy't bûten har skuld gjin fergunning hawwe, te legalisearjen en om romte te bieden foar bouprojekten.

Ien kear in oanbod

Boeren yn de buert fan kwetsbere natuergebieten krije ien kear in oanbod om op te hâlden. De regeling dêrfoar hopet it kabinet yn april klear te hawwen. As fersmoargjende feehâlders net yngean op it oanbod, sil it kabinet oergean ta twang en twongen útkeap.
Minister Christianne van der Wal wol uterlik yn jannewaris fêststelle oan watfoar kritearia in bedriuw foldwaan moat om as pykbelêster sjoen te wurden. It kabinet wol gjin list mei de meast fersmoargjende bedriuwen opstelle. "Ik vind dat niet zorgvuldig en menselijk", sei dy.
Yn stee dêrfan wol sy dus kritearia. Wat dy krekt wurde, is noch net bekend. Want hoe skealik in bedriuw is, hinget net allinne fan de útstjit, mar ek fan de delslach yn kwetsbere natuer ôf.
Kij yn de greide © Omrop Fryslân
Yn de Twadde Keamer wie men foar in grut part posityf. In soad partijen sjogge it as in earste goede stap yn it bieden fan perspektyf en dúdlikens. It giet om in grut pakket foarstellen, dy't ek geane oer it ferheegjen fan it wetterpeil yn feangebieten en in earste keaprjocht fan stikstofromte foar de oerheid.