Huitema (VVD) hopet dat ôfskot wolf 'gjin taboe' is, hy is wiis mei Europeesk debat

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea © ANP
It Europeesk Parlemint hat in resolúsje oannaam om oan te trúnjen op in minder strikte beskerming fan de wolf. VVD-Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is bliid mei de útkomst.
It wie de earste kear dat it parlemint sa wiidweidich oer de wolf spruts. Dêrmei komt in oanpassing fan de beskerme status fan de wolf tichterby.
In mearderheid fan it parlemint wol dat de Europeeske Kommisje nei de beskerme status yn de habitatrjochtline sjocht, mits der byld is fan de winske populaasje. Ek soe der sjoen wurde moatte oer de beskerming ûnder ynternasjonale ôfspraken binnen de Bernkonvinsje.

Suksesferhaal Wolf

Yn ferskate lannen is oerlêst troch en diskusje oer de wolf. "Eins it it gewoan in suksesferhaal", seit Huitema. De wolvepopulaasje is sa groeid dat de behearmaatregels, sa seit hy, miskien oanpast wurde moatte 'oan de nije tiid.'
Protest tsjin de wolf yn Drinte © ANP
It neitinken oer it skrassen fan de wolf op de list mei beskerme bisten liket Huitema in goede saak. Hy pleitet der wol foar dat dit op basis fan wittenskip bart.

Mooglikheden yn hjoeddeiske regels

Op dit stuit mei de wolf allinne yn in oantal útsûnderingsgefallen ferjage of deamakke wurde. De Kommisje moat lokale oerheden helpe om de hjoeddeiske útsûnderingen te begripen en ta te passen, sa wol men.
Huitema jout oan dat it tige ûndúdlik is wat der mooglik is en by hokker oerheid de ferantwurdlikens leit. "Wy moatte om tafel, net nei inoar wize. Want dan bart der neat", seit hy. Lytsere oerheden soene mear advys krije moatte oer wat der mooglik is en oer de juridyske konsekwinsjes.

Ofskot 'gjin taboe'

Huitema fynt ek dat ôfskot fan wolven 'gjin taboe' wêze moat as in goed behear op oare wizen net mooglik is. Dat klinkt heftich, seit Huitema. "Mar de natuer is foar in grut part kreëarre en managed troch minsken. Somtiden sit der neat oars op as ôfskot."
Wês der realistysker en pragmatysker yn en hâld net altyd fêst oan wetjouwing dy't al 30 jier âld is.
VVD-Europarlemintariër Jan Huitema
Wol ûnderstreket hy dat it op basis fan wittenskiplik ûndersyk nei de populaasje barre moat. "Mar wês der realistysker en pragmatysker yn en hâld net altyd fêst oan wetjouwing dy't al 30 jier âld is."
Huitema jout oan dat de Kommisje op koarte termyn oan de gong kin mei de fleksibiliteit fan hjoeddeiske regels. En op de lange termyn kin it diskusje oer de beskerme status fan de wolf op de aginda sette. "In dúdlik sinjaal fan it Europeesk Parlemint", sa beslút Huitema.