'Ekstremisme tsjin oerheid yn Noard-Nederlân nimt ta, hân yn hân mei Frysk sjauvinisme'

De Prinseflagge wurdt faak brûkt by ekstreemrjochtse protesten © ANP
It tal ekstremistyske ynsidinten dat fuortkomt út antyoerheidstinken is de lêste jierren rap tanaam yn Fryslân, Grinslân en Drinte. De oanpak dêrby sjit tekoart, want de autoriteiten ha folle mear omtinken foar jihadisme.
Dat blykt út ûndersyk fan Léonie de Jonge, Pieter Nanninga en Fleur Valk fan de Ryksuniversiteit Grins.
De Nederlânske oanpak fan radikalisearring en ekstremisme rjochtet him foaral op jihadisme, mar dat spilet yn Noard-Nederlân folle minder. Ekstremisme en radikalisearring yn Noard-Nederlân wurde dêrom minder gau opmurken, is de konklúzje fan de ûndersikers.
Sûnt 2018 hat de helte fan alle ekstremistyske ynsidinten yn de noardlike trije provinsjes in grûnslach yn antyoerheidstinken. It giet sûnt 2016 alle jierren om ûngefear tsien fan sokke ynsidinten, mei in útsjitter yn 2021, doe't it der fyftjin wienen.
Undersiker Nanninga: "Het is een relatief klein fenomeen in het noorden, maar tegelijkertijd zien we een stijgende lijn."

Stikstof, wynmûnen en asylsikerssintra

Nanninga sjocht de lêste jierren mear en mear ynsidinten dy't fuortkomme út antyoerheidsgefoelens yn regionale dossiers. Dan giet it om it stikstofdossier, de komst fan wynmûneparken en asylsikerssintra.
De ûntefredenheid en it wantrouwen tsjin de oerheid komt online in soad werom yn ekstremistyske groepearrings. En dy groepen sykje elkoar op, seit De Jonge. "We zien veel meer kruisbestuiving dan een paar jaar geleden, vooral online, zoals bijvoorbeeld extreem-rechts dat zich mag aansluiten bij de boerenprotesten."

'Frysk sjauvinisme'

Fierder besiket in groep boargers him ôf te kearen fan de oerheid om in selsfoarsjennend libben nei te stribjen. De saneamde 'soevereinen' erkenne it gesach fan de oerheid net en wegerje om belestingen en boeten te beteljen. Yn Fryslân geane dy sentiminten soms hân yn hân mei Frysk sjauvinisme, docht bliken út Telegramgroepen as 'Friesland Autonoom'.
Undersiker Pieter Nanninga
Itselde jildt foar oare groepen, dy't de ûndersikers omskriuwe as Defend-groepen. Dy sizze dat se opkomme foar Nederlânske tradysjes en nimme dêrby ideeën út komplotteoryen en (ultra)nasjonalisme oer. Fryslân hat in frij aktive Defend-beweging, dy't oanwêzich wie by aksjes troch hiel Nederlân.
De ûndersikers relatearje de ideeën oan oare foarmen fan radikaal- en ekstreemrjochtse gedachten, dy't laat hat ta protestaksjes yn Noard-Nederlân. As bekendste foarbyld wurdt de pro-Swarte-Pite-manifestaasje yn 2017 yn Dokkum neamd, wêrby't de sneldyk A7 blokkearre waard.
Dochs is it by de A7-blokkade dreech om dy aksje te kategorisearjen, seit ûndersiker Pieter Nanninga. Der diene in soad minsken mei oan de blokkade. "Als er een gedachtengoed achter zat dat breder tegen de overheid gericht was of dat gevoed werd door rechtsextremistische ideeën, dan valt de A7-blokkade onder extremisme".
"In het geval van Dokkum - waar meer onderzoek naar is gedaan - speelde bredere antioverheidsgevoelens en bredere uitest rechtse sympathieën mee."
As foarbyld fan protestaksjes dy't fuortkomme út ekstreemrjochtse gedachten neame de ûndersikers de blokkade op de A7 yn 2017 © ANP
"Ook hier ging het idee dat de Nederlandse cultuur moet worden beschermd, gepaard met antioverheidssentimenten, anti-Randstedelijke gevoelens en Fries chauvinisme", skriuwe de ûndersikers.

Warskôging

De ûndersikers jouwe foarbylden fan hoe't de oanpak fan ekstremisme him krekt folle minder op dizze groepearrings rjochtet, mar mear op jihadisme, wylst dat yn Noard-Nederlân mar beheind spilet.
Dat toant neffens de ûndersikers oan hoe't antyoerheidsgefoelens en radikaal- en ekstreemrjochtse oertsjûgings yn Noard-Nederlân de lêste jierren hieltyd mear normalisearre wurde. Dat wurdt faak net sjoen as ekstremistysk. De ûndersikers warskôgje derfoar dat de oanpak fan ekstremisme en radikalisearring dêrtroch achterbliuwt.