Festival Welcome to The Village jout belies en ferlit Ljouwert

It festival Welcome to The Village, doe't dat noch yn de Griene Stjer holden waard © ANP
It festival Welcome to The Village ferhûzet út Ljouwert wei. Dat meldt de organisaasje op har eigen webside. Nei oerlis mei de gemeente is der gjin geskikte lokaasje fûn foar takom jier.
Welcome to The Village waard sûnt 2013 yn natuergebiet de Griene Stjer oan de eastkant fan Ljouwert holden. De lêste jierren wienen der hieltyd faker tûkelteammen mei de fergunningen. De stichting Groene Ster Duurzaam ferset him tsjin de festivals yn dat gebiet: sy fine dat it botst mei de natuerbelangen.
Dit jier wie it festival dêrom foar it earst yn de Ljouwerter binnenstêd, mar dat fynt de organisaasje "geen duurzame oplossing" foar de takomst. Ut in oerlis mei de gemeente Ljouwert kaam nei foaren dat allinnich de Griene Stjer geskikt wêze soe foar it festival.

Net ferantwurde

Dat fynt de organisaasje sels gjin goed idee, mei it each op de fergunningsproblematyk fan de ôfrûne jierren. Salang't der gjin bestimmingsplan leit, is dat net ferantwurde.
Twa oare festivals dy't gewoanwei yn de Griene Stjer holden wurde, Promised Land en Psy-Fi, tinke der krekt sa oer. Dat betsjut dat der yn 2023 hielendal gjin festivals yn dat natuergebiet binne.
Op it stuit siket Welcome to The Village nei in oare lokaasje om it festival yn 2023 te organisearjen. Dat wurdt dus bûten de gemeente Ljouwert. "Eén ding is zeker: wij gaan iets tofs maken, samen met jullie."