Sjonger Meindert Talma makket nûmer oer 'Tower fan De Jouwer' Andries Noppert

Meindert Talma en Andries Noppert © Omrop Fryslân / ANP
Sjonger Meindert Talma fan Surhústerfean hat in nûmer makke oer doelman Andries Noppert. Yn 'Andries Noppert (Tower fan De Jouwer)' sjongt Talma oer it bysûndere ferhaal fan de Jouster doelman, dy't moandei syn debút makke yn it Nederlânsk alvetal.
Op Arabyske klanken sjongt Talma: "Op dit verguisde voetbal-wk, is er een sprookje zoals Kick Wilstra." Yn de klip binne foto's te sjen fan Andries Noppert as keeper, mar ek ferskate jeugdfoto's komme foarby.
Meindert Talma fielt him ferbûn mei Andries Noppert
Yn it refrein wurdt de sin "He's the Tower fan De Jouwer. Andries Noppert, ballenstopper" hieltyd werhelle.
Sjoch hjirûnder nei de klip: