Sulver foar Marit Bouwmeester

06 aug 2012 - 14:32

Sylster Marit Bouwmeester hat in sulveren medalje wûn op de Olympyske Spelen yn de Laser Radial-klasse. Yn in hiel spannende medaljerace moast Bouwmeester it goud oerlitte oan Lijia Xu. De Sinese wûn de finale, Bouwmeester waard twadde.

Foar de lêste race wienen der noch fjouwer boaten dy't it goud pakke koenen. De Belgise Evi van Acker einige as tredde en pakte it brûns.

Marit Bouwmeester hie it benammen dreech yn de krúsrakken, foar de wyn hie se mear gong as har konkurrinten. De ynwenster fan Warten, yn 2011 wrâldkampioene, wie mei mar ien doel nei Weymouth gongen: goud. Dat slagge krekt net en dat die sear. "Dan moat it mar oer fjouwer jier yn Brazilë, yn Rio", sei se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)