Regels foar feesttinten nedich

06 aug 2012 - 12:14
  • Regels foar feesttinten nedich
  • Ale Siemen van Kammen

Tintferhierder Van Kammen fan Easternijtsjerk fynt dat der lanlike regels komme moatte dêr't tintekonstrukjes oan foldwaan moatte. Der is no hielendal neat regele. Nei it ynstoarten fan in feesttinte yn Stienwikerwâld fan dit wykein pleitet de oerkoepeljende feriening fan Nederlânske tinteferhierders foar dúdlike regels.

Van Kammen seit der alles oan te dwaan de tinten sa feilich mooglik del te setten, mar elk bedriuw docht dat wer oars. Boppedat hat elke gemeente wer oare betingsten en feilichheidsmaatregels.

Trefwurden: 
Van Kammen
(advertinsje)