Auto oer de kop op A7

06 aug 2012 - 11:38

In 26-jierige drankrider út Snits is moandeitemoarn mei de auto oer de kop slein. It ûngelok barde op de A7 by Koartehimmen. De man ferklearre dat syn auto blokkearre en dat er dêrom de kontrôle kwytrekke.

De man hie gjin rydbewiis en hy hie drank op. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht. Dêr is him in bloedproef ôfnaam. Bliken die dat er tefolle alkohol dronken hie.

Trefwurden: 
A7 alkohol drank Koartehimmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)