Bekeraventoer Flyers dien

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de Friesland Flyers hawwe sneintejûn harren lêste wedstriid yn de bekerkompetysje mei 9-0 fan Whitecaps wûn. Michael Nason wie yn Turnhout mei trije doelpunten topskoarer. Nettsjinsteande de romme oerwinning sit it bekeravontoer der foar de iishockeyers op. De Flyers binne as fiifde einige en dat is net genôch foar it heljen fan de bekerplay-offs.
Takom freed begjint foar de Flyers de striid om de North Seacup. Dan nimt de ploech fan de beide coaches Justin Bekkering en Hans Kroon it op tsjin en yn Den Haach.