Jonkje (5) komt ûnder auto

06 aug 2012 - 11:10

In jonkje fan 5 jier is sneintemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Potgieterstrjitte yn Ljouwert. Hy stuts samar ynienen de stjitte oer yn 'e wenwyk en waard oanriden troch in auto. De 50-jierrige automobiliste út Ljouwert koe net mear om it bern hinne ride.

It slachtofferke is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding jonkje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)