Iepenloftstik oer skûtsje

06 aug 2012 - 10:26

Yn 2013 komt der in iepenlofspektakel oer it skûtsje De Sneker Pan dat dan hûndert jier bestiet. De frijwilligers fan de stifting Sneker Pan en it teater yn Snits binne úteinset mei de tariedings fan it spektakel.

Bouke Oldenhof fan De Tynje hat it skript skreaun. De titel fan it iepenloftspul is Drie Gebroeders. It giet oer it hurde bestean fan skûtsjeskippers. It skûtsje De Sneker Pan sylt mei by de SKS-wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)